Winter net drokker foar opfang
De Fûgelhelling yn Oerterp hat de ôfrûne wintermoannen mei-inoar 160 fûgels en oare bisten opfongen. Nettsjinsteande de froast binne dat net mear as yn oare winters. Opfallend wie wol de opfang fan fjirtich ferswakte en ferwûne swannen en guozzen.
No't de grutste drokte foarby is, wurkje frijwilligers oan grut ûnderhâld yn de opfang om klear te wêzen foar de maaitiid.