Harns wol wettersporters lûke

Der moatte mear wettersporttoeristen nei Harns komme. Dat fine de gemeente Harns en de provinsje. It plan fan beide oerheden is om nije oanlisplakken te meitsjen yn de Willemshaven. Der moatte ek foarsjennings komme lykas hoareka.
Harns hat as iennige yn Fryslân in seehaven en de stêd leit op de skieding fan sâlt en swiet wetter. Boatsjeminsken kinne sawol nei it binnenwetter as nei de Noardsee. It projekt kostet sa'n 5 miljoen euro.