Turner Bletterman brekt earm

18 feb 2011 - 13:45

Turner Michel Bletterman kin net meidwaan oan de kwalifikaasjes foar it EK. Hy hat by in training oan de rekstôk tongersdei de ûnderearm brutsen. De earm sit yn it gips.

De 18-jierrige turner fan Ljouwert turnt op It Hearrenfean en wie goed op wei nei it EK. De kwalifikaasjes binne kommend wykein op It Hearrenfean en 27 febrewaris yn Roermond. It EK wurdt yn Berlyn hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)