Sven Kramer is wer op it iis

18 feb 2011 - 11:53

Sven Kramer stiet wer op it iis. De reedrider is drok dwaande mei syn revalidaasjeprogramma. Kramer hat it hiele seizoen oan him foarby gean litte moatten fanwege in blessuere oan de rjochterskonk flak boppe de knibbel. Freedtemoarn trainde hy op Thialf. "It giet mei lytse stapkes foarút, mar ik bin bliid dat ik wer op it iis stean", sa sei Kramer.

De Olympysk kampioen op de 5 kilometer koe troch dy blessuere syn titels op it EK en WK allround net ferdigenje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)