Noch plak genôch yn fakânsje
Fryske rekreaasjeûndernimmers wachtsje ôf wat de krookjefakânsje har dit jier bringe sil. De fakânsjeperioade duorret dit jier net twa, mar trije wiken. Moarn begjint yn Noard-Nederlân offisjeel de skoalfakânsje, dêrnei folgje Midden- en Súd-Nederlân.
Hotels en bungalows yn Fryslân ha noch genôch keamers en fakânsjehúskes beskikber. Direkteur Van Gessel fan Fryslân Marketing konstateart dat hotels en parken in soad last-minute oanbiedings dogge.
Trefwurden:
argyf