Adema bekendste deputearre

18 feb 2011 - 09:01

Piet Adema is de bekendste deputearre fan Fryslân. Dat docht bliken út ûndersyk fan it blêd Binnenlands Bestuur. Fan de Friezen dy't frege waard om de nammen fan deputearren te neamen, sei 33 persint Adema. Hy wurdt op de foet folge troch Sjoerd Galema, mei 32 persint. De namme fan Hans Konst waard it minste neamd, troch mar tolve persint.

Mear as de helte fan de ûnderfrege Friezen wist net ien namme fan in deputearre te neamen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)