Hearrenfeanfroulju spylje lyk

17 feb 2011 - 22:51

De topper tusken Hearrenfean en ADO Den Haach yn de earedivyzje foar froulju is einige yn 2-2. De wedstryd begong foar de Feansters tige goed en nei in heal oere stiene de froulju al mei 2-0 foar. Doelpuntemakkers wiene Shanice van de Sanden en Sylvia Smit.

Krekt foar it skoft brocht ADO de spanning werom en in kertier foar tiid foel ek noch de lykmakker. De froulju fan FC Twente wûnen wol en binne no wer allinne koprinner. Hearrenfean is twadde mei twa punten minder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)