Earste debat listlûkers PS
De 13 partijen dy't oan de provinsjale steateferkiezings fan 2 maart meidogge hawwe tongersdeitejûn foar it earst mei elkoar debatearre yn in grut ferkiezingsdebat. Sintraal tema yn it Fryslân Kiestdebat yn Post Plaza yn Ljouwert wie de ekonomy.
Grutste striidpunt wiene de grutte projekten lykas de sintrale as en it nije Thialf. Ek waard praat oer in gearfoeging fan de trije noardlike provinsjes. Dêr wie eins allinnich de Partij voor het Noorden foar.
Trefwurden:
argyf