Undersyk nei goederenferfier

17 feb 2011 - 19:31

Studinten fan de NHL yn Ljouwert sille ûndersyk dwaan nei de helberens fan goederenferfier oer it spoar tusken Harns, Dútslân en de Baltyske Steaten. It ûndersyk is in inisjatyf fan Loek van der Heide út Harns. Neffens Van der Heide wurdt dat spoar op it stuit noch net genôch brûkt en lizze der dêrtroch in soad kânsen.

It ferfier fan guod fia it spoar soe boppedat folle effisjinter wêze as fia de dyk. It ûndersyk set yn septimber útein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)