Sulveren keatsbal feild

Feilinghûs Ald Fryslân yn Drylts feilt nije wike in 200 jier âlde sulveren keatsbal. It giet nei alle gedachten om in bal dy't te winnen wie by de PC yn Frjentsjer. De keatsbal hat in wearde fan sa'n 5000 euro. Op de bal is in tekening te sjen fan twa minsken dy't sels oan it keatsen binne.
Nije wike wurdt de bal feild. Minsken dy't benijd binne nei de keatsbal kinne dizze takom wykein fergees besjen yn it feilinghûs.