Apteek Akkrum wer iepen

17 feb 2011 - 18:39

De apteek yn Akkrum mei wer iepen. Healwei desimber moast de apteek de doarren slute nei in ûnferwachte kontrôle troch de ynspeksje fan de sûnenssoarch. By de ynspeksje die bliken dat der gjin offisjele apteker wurke en boppedat mankearde der in soad oan it gebou.

Sûnt doe binne se ferhuze nei in nij gebou en is der in apteker ynskreaun. De ynspeksje hat opnij in besite brocht oan Akkrum en no wie alles wol op oarder en dus mei de apteek wer los.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)