VWA nimt hynders yn beslach
De Voedsel en Warenautoriteit VWA hat tongersdei 29 hynders en ponnys yn beslach naam by in hanneler yn De Falom. De bisten hiene al langere tiid te min iten krigen, wiene net yninte en net chipped.
In pear dagen ferlyn hie de man in ultimatum krigen. Foar woansdeitejûn moast er soargje foar ferbettering. Om't bliken die dat it ultimatum neat holpen hie, is de VWA yn aksje kaam. Der is proses-ferbaal opmakke tsjin de hanneler.
Trefwurden:
argyf