Keatsklup yn swier waar

17 feb 2011 - 16:43

De keatsklup fan Aldebiltsyl sit yn swier waar. Der binne noch mar sawat 40 leden en fan it bestjoer is no de helte oer. De klup bestiet al mear as hûndert jier. Yn 2002 stiene de jonges noch yn de finale fan de Freule, mar sûnt dy tiid is de belangstelling hieltyd minder wurden.

It bestjoer hat no in brânbrief skreaun om de leden moandei op in spesjale ledegearkomste te krijen. As der dan gjin belangstelling is, hâldt de feriening op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)