Kneppelfreed as folksfeest

17 feb 2011 - 15:02

Kneppelfreed is dit jier 60 jier lyn en dêrom wol de organisaasje in feest foar it folk. De Kneppelfreedfiering duorret dit jier sechstich dagen. Der binne tal fan aktiviteiten. Ien dêrfan is dat yn dy sechstich dagen lang alle dagen in doarp sintraal stiet. Dat krijt sechstich flaggen om in Fryske spreuk of wurd op te setten.

Kneppelfreed krige de namme omdat de plysje sechstich jier ferlyn demonstranten foar de Fryske taal yn 'e rjochtbank útinoar reage.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)