Omrop test 'Ofslútdyk 130'

17 feb 2011 - 13:50

It skeelt 63 tellen as jo mei 130 km de oere oer de Ofslútdyk ride. Dit die tongersdeitemoarn bliken by in test fan Omrop Fryslân. Ferslachjouster Femke de Walle die de test op 'e dyk dy't Fryslân ferbynt mei Noard-Hollân.

Mei yngong fan 1 maart meie je offisjeel mei 130 kilometer de oere oer de Ofslútdyk ride. De Ofslútdyk is ien fan de earste diken yn Nederlân dêr't dat mei. It ferheegjen fan 'e maksimumsnelheid fan 120 oant 130 is in maatregel fan it kabinet Rutte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)