Galema: Ryksstipe moat bliuwe

17 feb 2011 - 13:48

It skrassen fan de ryksbydrage foar regionaal ekonomysk belied is in minne saak foar Fryslân. Dat seit deputearre Galema. Oant no ta krige it Noarden alle jierren 30 miljoen euro foar enerzjyprojekten, projekten op it mêd fan wettertechnology en agraryske bedriuwen. Yn 2014 soe dêr Europeesk jild foar brûkt wurde moatte, mar oan dy tiid ta is der ek jild nedich.

Galema sil minister Verhagen derop oansprekke de stipe te behâlden. De minister komt moandei nei it Noarden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)