Twitterdebat steateferkiezings

17 feb 2011 - 13:31

Zorgbelang Fryslân hâldt yn de oanrin nei de steateferkiezings nije wike freed in twitterdebat. Minsken kinne mei politisy yn debat oer ferskate stellingen yn de soarch.

Dielnimmers oan it twitterdebat binne ûnder oare de VVD, Grien Links, ChristenUnie en FNP. It debat is ek te folgjen op in grut skerm yn it Gameship Ljouwert. De bewenners fan Serviceflat Nijlânstate yn Ljouwert kinne it ek op in grut skerm sjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)