Drugdealer (16) pakt yn Snits

17 feb 2011 - 10:46

In jonge fan 16 jier is woansdei troch plysjes yn Snits oanhâlden om't er boltsjes harddrugs by him hie. De plysje hie ynformaasje krigen oer de jonge. Op de Hein Doekesstraat waard de drugsdealer oppakt. Hy hie sechstjin boltjes by him.

De drugs binne yn beslach naam. De fertochte sit noch fêst op it plysjeburo foar ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)