Frou (83) fan 'e fyts riden

De plysje siket de bestjoerder fan in auto dy't woansdei yn Drachten belutsen wie by in ûngelok. Dêrby rekke in 83-jierrige frou op de fyts ferwûne. Se waard troch de auto ôfsnien doe't se de bocht fan de Middelwyk nei de Dwerswyk naam. De frou foel mei de fyts. Se hie ferwûnings oan 'e heupe, holle en foet.
De plysje hopet mei tips fan tsjûgen de bestjoerder te finen.