Balymeiwurker krijt klap

17 feb 2011 - 10:34

In 34-jierrige man út It Hearrenfean hat woansdei in balymeiwurker fan in kantoar oan de Trambaan op It Hearrenfean mishannele. De man stie by de baly en begûn te razen. De meiwurker sei dêr wat fan en krige doe in klap.

Oare personielsleden koene de fertochte fêsthâlde oant de plysje kaam. Dy hat de man meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)