Ynbraak: pistoal op holle set

In ynwenner fan de Ljouwerter wyk Cammingabuorren is yn 'e nacht fan woansdei op tongerdei yn syn hûs troch in ynbrekker bedrige mei in fjoerwapen. De man gie nei ûnderen ta om't er lûd hearde. Dêr waard er fêstpakt troch de ynbrekker en bedrige mei it fjoerwapen. De ynbrekker sette de bewenner it pistoal op 'e holle. Dêrnei naaide er mei twa maten út. Se namen neat mei.
De plysje hat noch nei de trije socht, mar hat se net fûn.