Wer stellerij fan sieraden

17 feb 2011 - 10:23

In 75-jierrige frou út De Jouwer is it slachtoffer wurden fan stellerij fan sieraden. Yn har hûs oan De Fok is woansdeitemiddei ynbrutsen. De dieven hiene in rút fernield om deryn te kommen. It hiele hûs waard trochsocht. De frou mist sieraden.

De lêste tiid binne hieltyd faker âldere minsken slachtoffer fan ynbrekkerij. De dieders binne dan meastentiids út op djoere sieraden. De plysje tinkt dat der binden achter sitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)