Undersyk nei deade man
De plysje docht ûndersyk nei in deade man dy't woansdeitejûn fûn is yn in hûs oan de Compagnonstraat op It Hearrenfean. Om wa't it giet, wurdt noch ûndersocht.
De plysje kaam de man op it spoar nei in melding. Hoe't de man om it libben kaam is, is ek noch net dúdlik. Wol is dúdlik dat er ferwûne wie.