Skoalle Gaastmar bliuwt iepen

17 feb 2011 - 08:21

Basisskoalle Mids de Marren yn De Gaastmar mei iepenbliuwe. Dat hat minister van Bijsterveldt fan ûnderwiis besletten. De skoalle soe slute moatte, omdat der te min bern op sitte. Mar omdat ferwachte wurdt dat der op termyn mear bern komme en omdat de skoalle fan goede kwaliteit is, hat de minister besletten dat Mids de Marren iepenbliuwe mei.

Van Bijsterveldt komt tongersdei op de skoalle om it goede nijs sels te fertellen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)