Nije akkountant foar provinsje
Ernst & Young wurdt de nije akkountant fan de provinsje Fryslân. Dat hawwe provinsjale steaten woansdei besletten. It bedriuw sil har dwaande hâlde mei de jierrekkens, proseskontrôles en it jaan fan advizen.
It kontrakt mei Ernst & Young is yn prinsipe foar fjouwer jier. De ôfrûne fiif jier wie PricewaterhouseCoopers de akkountant fan de provinsje.
Trefwurden:
argyf