NK turnjen op It Hearrenfean
It NK turnjen wurdt dit jier op 'e nij hâlden yn Sportstêd Hearrenfean. Dat is foar it twadde achterienfolgjende jier. It toernoai sil plakfine op 18 en 19 juny.
De Nederlânske turntop sil yn twa dagen tiid wer stride om de nasjonale titels. Foar Epke Zonderland en Celine van Gerner sil it in thúswedtryd wêze. Toernoaidirekteur is Herre Zonderland.