Opnames oer Deen fan 't simmer
De opnames foar de televyzjesearje oer dokter Deen fan Flylân begjinne dizze simmer. De searje is basearre op kollums fan de pensjonearre húsdokter John Deen, dy't ek noch biste- en toskedokter wie.
Monique van de Ven spilet de haadrol. De searje is begjin takom jier te sjen by omrop Max.