Man komt om libben yn Drachten

(foto: Nico Feenstra)
In man is woansdeitemiddei om it libben kaam by in ûngelok by haven De Bolder yn Drachten. De man wie mei syn auto mei opsetsin it wetter ynriden. Dat hat bliken dien nei ûndersyk fan de plysje.
It wie earst net dúdlik dat it om in selsmoard gie. De helptsjinsten kamen manmachtich yn aksje. Der wie in dûkteam oanwêzich en ek de traumahelikopter kaam nei de haven. Der sieten net mear minsken yn de auto.