Bestjoersburo Palludara iepene

16 feb 2011 - 16:45

Yn Drylts is woansdei it nije bestjoersburo fan stichting Palludara iepene. Dat is in kristlike organisaasje foar primêr ûnderwiis. Palludara is ûntstien út in fúzje tusken de feriening foar PCBO fan Wymbritseradiel/Snits en Top en Twel.

De namme Palludara is in gearfoeging fan it wurd Pallu, dat stiet foar ûnderskieden, en dara, dat stiet foar pearel fan wiisheid. De fúzje besparret jild en dat wurdt wer yn it ûnderwiis stutsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)