Bûtenbad yn Snits net iepen

16 feb 2011 - 16:21

It bûtenbad fan swimbad It Rak yn Snits giet dit jier yn de simmer net iepen. Dat hat it kolleezje fan Súdwest Fryslân besletten.

It kelderdak fan it bûtenbad moat foar 40.000 euro repareard wurde. Dat jild is der net. Der wurdt ûndersocht oft it helber is om it yn de takomst wol te meitsjen sadat it bad wer iepen kin. Dêrfoar moat sjoen wurde oft it tal oeren dat it bad iepen is en it tal besikers dat der dan op ôfkomt, opweaget tsjin de ynvestearring.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)