Van Mourik is bêste steatelid

Retze vd Honing, Goos Bies (FD), Tom van Mourik, Remco van Maurik
Tom van Mourik is it beste steatelid. Dat fine syn kollega's yn de Fryske steaten. Hy krige ien stim mear as GrienLinks fraksjefoarsitter Irona Groeneveld. Van Mourik krige ek de priis foar steatelid mei de measte kennis. Hy nimt de titel oer fan FNP-fraksjefoarsitter Johannes Kramer.
De ferkiezing wurdt ien kear yn de fjouwer jier hâlden. Bêste sprekker waard Retze van der Honing fan GrienLinks. Remco van Maurik wûn de priis foar de langste sprekbeurten.