Mear soarch op ôfstân

Thússoarch Het Friese Land wreidet de soarch op ôfstân út. Sûnt twa jier hat de soarchynstelling kontakt mei de kliïnten fia in byldtelefoan. As ekstra service kinne de klanten tenei ek kontakt hâlde mei freonen en famylje. Dat is hiel belangryk om sosjaal isolemint tsjin te gean.
Foar de kunde is fergese software beskikber steld dy't op de kompjûter ynstalleard wurde kin. Goed 100 klanten krije de soarch op ôfstân.