Sjoerd Galema makket ekskús
Deputearre Sjoerd Galema hat woansdei in ferklearring ôflein yn de provinsjale steaten. Hy hat syn ekskús oanbean foar syn útspraken oer it weryndielingsproses en oanjûn dat er op eigen inisjatyf syn portefúlje ynlevere hat.
Galema kaam earder werom fan in wurkbesite oan Nij-Seelân en hat in wike lang net twittere fanwege de kwestje. Hy seit dat alles wat der de ôfrûne wike gebeurd is, djippe yndruk op him makke hat.
Trefwurden:
argyf