Apotheker: tsjin Grut Fryslân

Hayo Apotheker is tsjin de foarming fan in nije provinsje Grut Fryslân. De boargemaster fan Súdwest Fryslân reagearret dêrmei op útspraken fan professor Elzinga. Hy hat it idee om in grut part fan de kop fan Noard-Hollân oan Fryslân ta te heakjen.
Apotheker fynt de kombinaasje fan West-Friesland yn Noard-Hollân en Fryslân net de meast gelokkige. Hy sjocht mear yn de besteande gearwurking mei Grinslân en Drinte.