Huizenga werom yn Manchester

16 feb 2011 - 11:43

Foar Jenning Huizenga wurde it spannende dagen. De baanhurdfytser moat him yn Manchester by de wrâldbekerwedstriden wer ris sjen litte op it heechste nivo.

Op dyselde baan hat de 26-jierrige Frjentsjerter syn lêste grutte ynternasjonale súkses helle. Yn 2008 wûn er achter Bradley Wiggens sulver op it WK op de yndividuele achterfolging. Dêrnei gong it mis en wie de Fryske topper troch in skimmelsykte lang út kompetysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)