Frou ûnder auto yn Westereen

16 feb 2011 - 10:34

In frou is woansdeitemoarn ferwûne rekke by in oanriding op de Skoallestrjitte yn De Westereen. It slachtoffer kaam troch noch ûnbekende oarsaak ûnder in auto telâne. Se rekke dêrby beknypt en is troch de brânwacht befrijd.

De frou is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs yn Dokkum brocht. De plysje ûndersiket it ûngelok.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)