Jild foar enerzjysunige wenten

Elkien krijt goed fjouwer ton fan de provinsje om hierwenningen enerzjysuniger te meitsjen. De helte fan de subsydzje wurdt brûkt om op syn minst 50 wenningen te ferbetterjen, sadat dizze fan enerzjylabel E, F en guon G nei in label C geane.
De oare twa ton stekt de wenningkorporaasje yn it enerzjyneutraal meitsjen fan op syn minst 10 wenningen. Studinten fan de oplieding Boukunde fan de NHL sille mei ûndersykje hoe't dat it bêste kin.