Mear stellerij fan sieraden

16 feb 2011 - 10:00

De lêste tiid wurde hieltyd faker sieraden stellen by fyftich-plussers. Earder dizze wike noch waarden sieraden meinaam út it hûs fan in frou (59) yn Ljouwert. It giet om kostbere sieraden dy't opburgen sieten yn kasten op de boppeferdjipping.

Earder waarden sieraden stellen by fyftich-plussers yn Burgum, Drachten, Wolvegea, It Hearrenfean, Wikel en Boalsert. De plysje hat fjouwer froulju oanhâlden dy't fertocht wurde fan stellerij fan sieraden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)