Byldhorloazje komt op merk

15 feb 2011 - 21:52

It byldhorloazje foar minsken dy't net kloksjen kinne, komt noch dit jier op de merk. De Snitser útfining wurdt mei help fan de Rabobank Súdwest Fryslân ûntwikkele.

It horloazje toant plaatsjes om de tiid oan te jaan en is betocht as helpmiddel foar minsken mei in beheining, bern mei ADHD en deminte âlderen. In proefûntwerp is mei help fan soarchynstelling Talant test en wie in grut sukses foar de doelgroep.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)