Gjin simmermerke yn Ljouwert

15 feb 2011 - 21:43

Ljouwert moat it dizze simmer sûnder merke dwaan. De gemeente fynt dat der gjin goeie lokaasje te finen is foar de simmermerke. Troch de ferbouwing fan it Saailân moast de merke twa jier lyn útwike. De edysje efter it WTC Expo wie gjin súkses en ferline jier by it Fonteinland wie it net folle better. Der kaam te min publyk.

It foarstel om de merke op it Aldehoustertsjerkhôf te dwaan is troch de gemeente ôfwiisd. Dit kin net fanwege de ferkearssitewaasje en it lûd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)