Enerzjy besparje op It Fean

© Omrop Fryslân
Hearrenfean stekt mear as in ton yn it enerzjysunich meitsjen fan 300 huzen. It giet sawol om keap- as hierwenten. Omdat ek de wenningboukorporaasjes Accolade en WoonFriesland meidogge, wurdt der nei ferwachting yn totaal in miljoen euro stutsen yn enerzjybesparjende maatregels.
It giet dan om isolaasje fan muorren, in nije HR-tsjettel en dûbeld glês. Dy maatregels binne goed foar it miljeu, mar kinne ek bewenners jild besparje. De provinsje betellet 40.000 euro mei.