Oplieding HBO-V groeit

15 feb 2011 - 13:53

Hieltyd mear Friezen kieze foar in oplieding yn de soarch. Foaral de oplieding HBO-Verpleegkunde docht it goed. Op de Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert binne der dit stúdzjejier sa'n 15 % mear studinten as yn it jier 2009/2010. Der is op't heden in soad wurk yn de soarch. It feit dat je mei in oplieding yn dizze sektor maklik in baan fine sprekt studinten oan.

By de oplieding sosjaal pedagogyske helpferliening fan Stenden is dit jier in taname fan ûngefear 20 prosint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)