Bewenners Frittemahof ferhúzje

Alde beammen moatte je net ferplantsje, seit it sprekwurd. Mar bytiden kin it net oars. Woansdei jildt dat foar fjirtjin bewenners fan fersoargingshûs Frittemahof yn Snits.
Frittemahof wurdt foar 19 miljoen euro opknapt. En dat betsjut dat minsken derút moatte. Fjirtjin minsken geane woansdeitemiddei oer nei harren nije ûnderkommen. Oant it safier is wurde se dwaande hâlden. De meiwurkers fan Frittemahof besykje om der in feestlike dei fan te meitsjen.