Polem wurket gewoan troch

De grutte brân by Polem fan ferline wike
Silobouwer Polem op De Lemmer kin nei de brân fan ferline wike it grutste part fan it wurk dochs noch sels dwaan. Dat seit direkteur Berger. It bedriuw kin foar in part fan it wurk terjochte by IJB Beton. Dat bedriuw sit op it yndustryterrein neist Polem.
It bedriuw hat in hal hierd fan IJsselmeer Beton, dêr't it stielwurk útfierd wurdt. Foar it polyesterwurk kin Polem nei alle gedachten útwike nei in oare lokaasje yn Fryslân. Wêr, wol de direkteur noch net sizze.