Skier sil Bert Swart misse

Boargemaster Swart fan Skiermûntseach (foto: RTV Noord)
Op Skiermûntseach is ferslein reagearre op it nijs dat boargemaster Bert Swart it eilân ferlit. Swart wurdt boargemaster fan de gemeente Súdhorn. It wie in echte 'burgervader' en dat is wichtich yn in lytse mienskip, seit Sytse Schut dy't jierrenlang yn de eilanner polityk siet en as ambassadeur fan Skier de titel moaiste plakje fan Nederlân binnen helle.
Neffens Schut wie Swart by steat om tsjinstellings mei humor op te lossen.