Ynbraak yn winkel op 'e Gordyk

Yn in winkel oan it Hofland op De Gordyk is moandeitenacht twa kear ynbrutsen. De plysje gie der te sjen omdat it alaarm ôfgien wie, om in oere as trije. Se ûntdutsen dat in rút ynslein wie en tsien flessen drank stellen wiene.
Om healwei seizen gie it alaarm wer ôf. Nei alle gedachten wie de kit dy't brûkt wie om it rút te meitsjen noch net opdroege, sadat it glês derút treaun wurde koe. Oft de twadde kear ek wat meinaam is, is noch net bekend.