Adema docht oprop oan gemeente

Listlûker Piet Adema fan 'e ChristenUnie
Ferwerderadiel moat him oanslute by it Netwerk Noordoost, it sosjaal ekonomysk masterplan foar Noardeast-Fryslân. Dat sei listlûker en deputearre Adema fan de ChristenUnie moandei by in ferkiezingsbyienkomst yn Ferwert. Netwerk Noordoost is opsetten om Noardeast-Fryslân fierder te ûntwikkeljen.
Fiif gemeenten en de provinsje wurkje dêrby gear. As Ferwerderadiel ek meidocht, is dat in ympuls foar de gemeente, sei Adema.