Swart boargemaster Zuidhorn

14 feb 2011 - 21:40

Boargemaster Bert Swart fan Skiermûntseach wurdt de nije boargemaster fan de gemeente Zuidhorn yn Grinslân. Hy is moandeitejûn troch de gemeenteried fan Zuidhorn foardroegen. Swart folget Bertus Fennema op. De 54-jierrige Swart is sûnt 2004 boargemaster fan Skiermûntseach. Derfoar wie er foar it CDA riedslid en wethâlder yn Winsum.

Der wiene 33 belangstellenden foar de boargemasterspost yn Zuidhorn. Swart wurdt op 5 april beëdige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)