Lykspul Jong Hearrenfean

14 feb 2011 - 20:49
Foto: Omrop Fryslân

Jong Hearrenfean/Emmen hat foar de kompetysje mei 1-1 lyk spile tsjin Jong Vitesse/AGOVV. Op Sportpark Walburgen yn Gendt kamen de jonge Feansters, it wie wer ris in echt belofteteam, nei in lyts oere troch in goal fan Rogier Molhoek op efterstân. A-junior Hakim Ziyech skeat in pear minuten letter de fertsjinne 1-1 tsjin de touwen.

Jong Hearrenfean/Emmen bliuwt tredde yn de stân. De ploech moat tongersdei yn Velsen ynhelje tsjin tsjin Jong AZ.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)