Nije monuminten Lemsterlân

14 feb 2011 - 19:39

Yn teory kin de gemeente Lemsterlân 230 ekstra gemeentlike monuminten riker wurde. Dêrûnder in pear elektrisiteitspeallen tusken Bantegea en Ychtenbrêge. De stifting Dorpsbehoud Lemsterland oerlange moandei in oersjoch fan de nije kandidaat-monuminten bûten De Lemmer sels oan wethâlder Wesselius.

De minsken fan de stifting binne dêrfoar ferline simmer troch de gemeente reizgje. De gemeente moat no in kar meitsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)